PKN
Protestantse Gemeente Witmarsum
 
Regiobrief FAN ARUM-KIMSWERT Regiobrief FAN ARUM-KIMSWERT

Bêste susters en bruorren yn de regio,
 
Graach wolle we wat mei jimme diele fan ús gemeente-wêzen yn Arum en Kimswert.
It giet goed mei ús, en dêrby moatte we sizze: mei de groep dy't der oer is. It giet ek hiel goed mei it 'Samen op Weg'. Per 1 jannewaris 2018 hoopje we te fusearjen. We hawwe net grutte problemen of sa. Allinnich it klubke wurdt lytser en dat fine wy wol jammer.
 
Wêr't we bliid mei binne is, dat we foar elkoar yn steane. Dat is ek sa gongen by it Samen op Weg, we binne dêrby gjin minsken kwytrekke. Soms meitsje we prachtige dingen mei, lykas de Passion yn Arum foarich jier, en in Krysttocht en ek de gesamenlike dingen mei Achlum en Hitsum sa no en dan. Foarich jier hawwe we meiinoar it Pinksterfeest fierd yn in skuorre healwei de doarpen. As jo op dy manier nei bûten trede, dan is it folle makliker foar minsken om binnen te stappen, dan is der in lege drompel. Wy wurde gemoedliker, mar de minsken dy't 'tsjin de tsjerke' wienen, wurde ek gemoedliker.
 
Der libbet bliidskip yn ús hert, dat der safolle meiinoar gebeurt. Ek net-tsjerke-minsken yn it doarp binne wól dwaande mei it leauwen. Dat we se net yn tsjerke moetsje, dat fine we wol spitich. We wolle graach ek ferbining hawwe mei dy minsken. Jammer dat der net méár minsken yn tsjerke komme. En noch wat oars: jammer ek dat we net méár út de Johannes de Heer bundel sjonge.
 
Us ferlangen is dat der noch mear minsken oer de drompel komme. We wolle graach meiinoar útwikselje wat ús dwaande hâldt. We ferlange nei mienskip, nei in geloofsgemeenschap, dat je byinoar hearre, binnen en bûten de tsjerke.
 
Wy binne benijd nei jimme brieven, hoe't it mei jimme giet!
 
Mei hertlike groetnis,
de gemeente fan Arum en Kimswert

 

terug
 
 
 

Protestantse Gemeente "Trijeris Ien''
datum en tijdstip 23-12-2018 om 11.00 uur in de Koepelkerk
Vierde zondag van adventmeer details

Moderamen
datum en tijdstip 27-12-2018 om 19.45 uur
meer details

Kerkenraad
datum en tijdstip 03-01-2019 om 19.45 uur
meer details

 
Kerkbalans 2019

meer
 
Wie zingt mee

meer
 
Week van gebed voor eenheid van Christenen

meer
 
Kindernevendienst. ER KOMT EEN NIEUWE LEIDER

meer
 
Top 2000 kerkdienst (17 februari 2019)

meer
 
Koepelkerk als trouwlocatie

meer
 
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.